Petra

Ik bin Petra, 54 jier en trout mei Henk. Tegearre ha we twa jonges. Ik bin fan oarsprong in klaaiklút mar wenje al wer sân 26 jier mei nocht yn de Wâlden. Ik wurkje as ferpleechkundich spesjalist GGZ by Verslavingszorg Noord Nederland. Ik bespylje in ynstrumint fanôf myn seisde jier: piano, trompet en no al wer jierren bugel.

Op it stuit spylje by Joast Wiersma yn Jistrum. Sûnt 2022 spylje (keyboard) en sjong ik wer yn in coverband, mei in soad nocht en wille. Ferline jier haw ik as blazer foar it earst meidien mei de Feanster Music Night. Wat wie dat in leuke ûnderfining! Krekt as ferline jier ferwachtsje ik wer in noflike meisjong-jûn foar jong en âld. Ik haw der sin oan!

Scroll naar boven